"Al yn 2025 duorsume bussen en treinen yn Fryslân"

27 sep 2017 - 22:24

Bussen en treinen yn Fryslan ride yn 2025 hielendal skjin. Dat is de ambysje fan Provinsjale Steaten. No ride de measte bussen en treinen op disel of grien gas. Oer goed sân jier moat dat elektrysk of hybride wêze. It giet om in inisjatyf fan Teus Dorrepaal fan it CDA. Hy fynt dat Deputearre Steaten fierstente min ambysje ha as it giet om it duorsumer meitsjen fan it iepenbier ferfier. Deputearre Steaten wol net earder as 2030 dizze doelstelling helje. Woansdei ha de Steaten oer de ferduorsuming fan it iepenbier ferfier praat.

Neffens Dorrepaal bin de ferfierders ree mei te wurkjen. Hy hat al mei ferfierbedriuw Arriva praat. De ferfierder stelt dat it doel om yn 2025 al sûnder útlitgassen ride te kinnen, helber is. Foar treinen soe dat wetterstof wêze kinne, mar ek elektrifikaasje mei enerzjy-opslach of akkutreinen mei oplaadpunten. Wat de bêste mooglikheid is, moat de kommende jierren útsocht wurde.

Soad jild

Neffens deputearre Johannes Kramer komt sa'n winsk net fergees. De Steaten moatte ree wêze ta de bûse te gean, om de ambysjes foar inoar te krijen. Benammen as it giet om de elektrifikaasje fan it spoar. It kostet in soad jild en dat betsjut dat der of jild by moat of skrast wurde moat yn de tsjinstferliening. Kramer fynt ek dat je soks net fêstlizze moatte. "As je dat dogge. dan seit de ferfierder al gau: dat kostet jild. Dêrom kin je folle better it petear oangean en der yn oparbeidzjen mei-inoar útkomme."

Dorrepaal is derfan oertsjûge dat alle bussen yn 2025 skjin ride. By de treinen wurdt dat in dreger ferhaal, sa wit hy: "De investering is gewoon groot. De vraag is dan ook of we dat dan al voor elkaar hebben. We hebben in ieder geval de ambitie uitgesproken en vastgelegd."

Ambysje

Yn 2019/20 wurdt dúdlik oft de no útsprutsen ambysje wiermakke wurdt. Dan moat de provinsje teset oer de nije konsesjes foar it busferfier. Deryn wurdt dan fêstlein wat de easken binne foar it iepenbier ferfier yn de takomst yn Fryslan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)