Rabobank wurdt haadsponsor Tall Ships Races Harns

27 sep 2017 - 21:10
Foto: Omrop Fryslân, Ilse Hermanides

De Tall Ships Races fan Harns hat in nije haadsponsor. De Rabobank hat in sponsorkontrakt tekene foar de kommende edysje. Dy wurdt yn 2018 holden. De direkteur fan de Rabobank ferwachtet dat de grutte skippen in moaie ynstruier wêze kinne foar de ekonomy fan Harns. Mei it sponsorjild wol er oanjaan dat it in belangrike stêd is foar de bank.

It wurdt de tredde kear dat de Tall Ships Races Harns oandocht. De organisaasje lit witte dat de tariedingen foar 2018 al yn folle gong binne en dat it evenemint bot libbet ûnder de minsken. Noch nea ha safolle minsken har oanmelden foar in staazjeplak oan board fan ien fan de skippen. Dy plakken binne bedoeld foar jongerein oant 25 jier. Sa moatte se yn de kunde komme mei de see en it silen op tradisjonele skippen.

Meifarre is net om 'e nocht. In plakje kostet samar in pear hûndert euro. Trije minsken kinne mei op kosten fan de haadsponsor.

(Advertinsje)
(Advertinsje)