Hearrenfean wint titel 'Sportgemeente fan it jier'

27 sep 2017 - 20:46

De gemeente Hearrenfean hat woansdei yn Arnhem de lanlike titel 'Sportgemeente fan it jier' wûn. Hearrenfean is de earste Fryske gemeente dy't dy titel krijt. De sjuery joech Hearrenfean ûnder oare punten foar in inisjatyf dat alle bern út de gemeente oan it sporten krije moat. "Heerenveen doet er alles aan om iedereen te kunnen laten sporten. Van jong tot oud, van valide tot mindervalide", seit de sjuery.

Hearrenfean krige in sjek fan 1500 euro dy't brûkt wurde kin foar promoasje fan de sportgemeente fan it jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)