Roeister Aletta Jorritsma hellet WK-finale yn Amearika

27 sep 2017 - 19:46
Foto: ANP

Aletta Jorritsma hat har pleatst foar de finale op it wrâldkampioenskip roeien mei de fjouwer sûnder stjoerfrou. De fjouwer froulju hiene harren fia de heats net rjochtstreeks pleatst, mar yn it Amerikaanse Sarasota pleatsten se harren wol foar de finale troch as twadde te einigjen yn de herkânsing. Sneon is de finale.

Jorritsma docht ek mei yn de Holland Acht. Yn harren searje waarden se tredde en dêrtroch moatte se harren ek fia de herkânsings besykje te pleatsen foar de finale. Ek Friezinne Ymkje Clevering docht mei yn de Holland Acht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)