Waadferiening teloarsteld oer mooglike gasboarring by Skier

27 sep 2017 - 19:04

De Waadferiening is bot teloarsteld dat der mooglik opnij gas wûn wurde sil op de Noardsee. Woansdei waard bekend dat der in gasfjild fûn is fan sa'n 60 miljard kubike meter krekt boppe Skiermûnseach. It is de grutste gasfynst fan de lêste 25 jier en de ferwachting is dat der noch mear fûn wurde sil. Om't it sa'n grut fjild is, is it neffens it bedriuw dat it fûn hat, ekonomysk oantreklik om it gas nei boppe te heljen.

Frank Petersen fan de Waadferiening hopet lykwols dat dat net barre sil. Hy wol dat der gjin tastimming komt fan de ryksoerheid om it gas te winnen. "Het is niet meer van deze tijd om deze oude energiebron naar boven te halen, dus ik hoop eigenlijk dat het bedrijf er zelf vanaf ziet", sa seit Petersen. Earder dit jier levere in oar bedriuw, dat in fergunning hie om nei gas te boarren yn de Noardsee, de fergunning wer yn.

(advertinsje)
(advertinsje)