Histoaryske foto's Wetterskip Fryslân oerdroegen oan Tresoar

In part fan it argyf fan Wetterskip Fryslân is woansdei offisjeel oerdroegen oan histoarysk sintrum Tresoar. It giet om goed 2000 digitalisearre foto's en dia's út de perioade fan 1890 oant 1990. De histoaryske biblioteek en de argiven fan de foarrinners fan it Wetterskip Fryslân wiene al earder by Tresoar ûnderbrocht.
De 2000 foto's fan it wetterskip wurde ûnderdiel fan it Frysk Foto-argyf. Dêrmei binne se fia ynternet tagonklik foar elkenien. In grutte leveransier wie opsichter J. Klazema fan Provinsjale Wettersteat. Hy makke hûnderten foto's en dia's fan slûzen en gemalen yn Fryslân. De ôfbyldingen jouwe in goed byld fan it wurk fan de Fryske wetterskippen en de ynfloed dêrfan op de ynrjochting fan it lânskip.