"Azc's mei famyljes moatte tichter by sintrum lizze"

Asylsikerssintra dêr't in protte húshâldingen ferbliuwe - lykas yn Burgum - soene tichter by it sintrum en oare foarsjennings lizze moatte. Dat seit Martin Vegters fan Defence for Children. Yn Glinstrastate yn Burgum is woansdei in spesjale jûn oer it libben fan bern yn sintra dêr't gesinnen wenje dy't net folle kâns hawwe op in ferbliuwsfergunning. Defence for Children is dêr ek by. Yn Burgum is it somtiden ûnrêstich. Utsettingen ha grutte impact op de minsken en benammen ek de bern. Dat is net maklik.
Maedeh docht har ferhaal
De 21-jierrige Afgaanske flechtlinge Maedeh wennet dêr ek en sil dan har ferhaal dwaan foar in seal fol minsken. Se wol hiel graach dat wy as mienskip witte hoe't it libben foar har en oare jongeren is. Sy fynt it libben op it AZC swier. Har sitewaasje is in foarbyld fan hûnderten bern yn it lân. Maedeh is 21 jier, suksesfol studinte oan it mbo oan de ROC Friese Poort. Se docht sels mei oan in lanlike wedstryd foar meast suksesfolle stazjêre. Mar in diploma sit der net yn, want se hat gjin ferbliuwsfergunning. Nei seis jier wit se noch hieltyd net oft se yn Nederlân bliuwe kin. De ûnwissichheid is mar ien fan de saken dêr't se tsjin oan rint.