Opknapbeurt foar klok út Berltsumer toer

De Koepeltsjerke yn Berltsum © itmoaistefan.frl
Yn Berltsum wurdt nije wike woansdei de âlde klok út de toer takele. De klok moat op transport nei in klokkemakker yn Dútslân, foar in restauraasje. De klok is mear as 400 jier âld en hat noch yn de âlde krústsjerke fan Berltsum hongen. Dy tsjerke waard yn 1777 ôfbrutsen en ferfongen troch de koepeltsjerke. It is net foar it earst dat der in grutte kraan ynset wurdt by de Berltsumer toer. Yn 2000 moast de boppeste lantearne fan de toer takele wurde, mar dat slagge pas by de tredde kear. Omdat it no allinnich om de klok giet, wurde der gjin problemen ferwachte.
Tagelyk mei it úttakeljen fan de klok, wurdt nije wike ek in aksje hâlden om jild yn te sammeljen foar de opknapbeurt. Sa kinne taskôgers riede wat it gewicht is fan de klok en wurdt der selsmakke guod ferkocht. Yn desimber moat de restauraasje fan de Berltsumer klok klear wêze en wurdt dy wer werompleatst.