Survivalklup op De Knipe betinkt pear misdriuw Ketlik

27 sep 2017 - 15:02
Foto: De Vries Media

Leden fan survivalklup Pauwenburg yn De Knipe kinne by de klup in kondoleânsjeregister tekenje foar Margreet Andriol en Jos Verdonk fan Ketlik. Verdonk wie lid fan de survivalklup. It bestjoer hat tiisdeitejûn de leden ynljochte op in spesjale gearkomste. Ek is der in minút stilte holden. Dat sil woansdeitejûn op 'e nij barre by oare leden. "Jos was een markant persoon en een zeer betrokken lid", sa fertelt foarsitter John Groen fan SV Pauwenburg. "De sfeer bij de bijeenkomst was bedrukt en stil. Er was bij de leden vooral sprake van ongeloof en verbijstering", seit Groen. By de nijbou fan it klupgebou hat Verdonk meiholpen. Hy hat in soad betsjut foar de klup. Groen hat waarme oantinkens oan him.

Verdonk soe snein meidwaan oan in survivalrun yn Ljouwert. Om dy reden rinne sa'n fyftich leden fan Pauwenburg snein mei roubannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)