Cast fan spektakel De Stormruiter presintearre

27 sep 2017 - 14:38

Ellen ten Damme, Jelle de Jong en Annemaaike Bakker binne de haadrolspilers yn De Stormruiter. It is ien fan de grutste produksjes fan Kulturele Haadstêd. De cast fan dit muzykteäterspektakel waard woansdei tagelyk mei de trailer presintearre yn it WTC Expo yn Ljouwert. It ferhaal is basearre op de Dútske roman Der Schimmelreiter. It giet oer it libbensferhaal fan dykgraaf Hauke Haien, dy't yn 1750 in dyk bouwe liet op It Bilt om Fryslân tsjin it wetter te beskermjen. Fan sigeuners krijt hy in skimmelhynst, dy't syn frou brûkt om in nij hynsteras te fokken. It stik wurdt regissearre troch Jos Thie dy't earder ferbûn wie oan Tryater dêr’t er teäterspektakels op lokaasje lykas ABE!, Peer Gynt, Orfeo, Kening Lear en Faderpaard makke. Ek Freark Smink, Joop Wittermans, Klaasje Postma en Hilbert Dijkstra dogge ûnder oare mei.

Spektakel

Hûndert Fryske hynders dogge mei, der komt in enoarm dekôr en 250 meiwurkers binne belutsen by it spektakel fol teäter, muzyk en choreografy. Mei 60 frachtweinen sân wurdt in wiere dyk oanlein. Sa wurdt alles yn de sfear fan 1750 op It Bilt brocht. It spektakel wurdt 15 kear útfierd. Faker is eins net helber en ferhúzje mei de hiele show en 100 hynders kin ek net. De earste kear is op 6 septimber 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)