Ton subsydzje foar robotprojekt fan de NHL

De Noordelijke Hogeschool Leeuwarden krijt in subsydzje fan hast in ton foar it ûntwikkeljen fan in robot foar demintearjende minsken. De robot kin prate en helpt minsken by de werinnering oan de dingen dy't se op in dei dwaan moatte, Neffens de provinsje is de ûntwikkeling fan dit soarte fan techniken fan grut belang. Benammen om't de soarch hurd feroaret.
Sa kinne robots simpele taken oernimme en hâlde de ferpleechkundigen mear tiid oer foar de soarch sels.