Grutste gasfjild boppe Skier yn 25 jier fûn

27 sep 2017 - 14:04

Yn de Noardsee krekt boppe Skiermûntseach is de grutste gasfynst fan de lêste 25 jier dien. It soe gean om in gasfjild fan 60 miljard kubike meter. It fjild yn Slochteren is 2800 miljard kubike meter. Dat melde it bedriuw Hansa Hydrocarbons, Oranje-Nassau Energie en Energiebeheer Nederland. De konsesje yn it gebiet, 20 kilometer út de kust fan Skiermûntseach, ''overtrof alle verwachtingen en heeft het potentieel om een gamechanger te zijn voor de Nederlandse gasindustrie.''

It giet om in nij fjild, dat ek djipper leit. It bedriuw seit dat der mear boarrings dien wurde moatte en ferwachtet fierder nei it noarden noch mear grutte gasfjilden te finen, mei 100 miljard kubike meter gas.

(advertinsje)
(advertinsje)