''Reuring yn de SP is utering fan demokrasy''

27 sep 2017 - 13:33
Fenna Feenstra - Foto: SP.nl

''Reuring yn de partij is in utering fan demokrasy'', seit fraksjefoarsitter Fenna Feenstra fan de SP yn Provinsjale Steaten. Se reagearret op opskuor yn de partij. It haadbestjoer ferbiedt yn sommige ôfdielingen dat de partij meidocht oan de gemeenteriedsferkiezingen, omdat der te min goeie kandidaat-riedsleden binne of omdat de leden te min op strjitte komme. Dat moat wol as aksjepartij, stelt it bestjoer. Ek stappe der op ferskate plakken riedsleden út de partij, wêrûnder yn Smellingerlân.

Fenna Feenstra seit dat dit har hiel bot sear docht, ''omdat dizze minsken earder mei hert en siel oan it wurk west hawwe foar de idealen fan de SP''. Se werkent de redenen fan dizze minsken net, mar seit wol dat de SP-ôfdieling yn Fryslân altyd soarchfâldich omgean wol mei harren leden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)