"Doch ûndersyk nei wat Friezen fan de soarch fine"

27 sep 2017 - 13:06
Foto: omropfryslân, Joris Kalma

Der moat in grut en yngreven ûndersyk komme nei wat de Friezen fan de soarch fine, en oft se tinke dat dy soarch goed berikber is. In grut part fan de opposysjepartijen yn Provinsje Steaten wol sa dúdlik krije wêr't de knyppunten sitte. Allinnich sa kin de provinsje goed en fatsoenlik belied meitsje. Deputearre Steaten besjocht op it stuit wat se dwaan kinne om de soarch yn de provinsje te ferbetterjen. Neffens de opposysjepartijen, lykas de PvdA en D66, wurde belangegroepen lykas de aldereinbûnen net goed heard. Deputearre Michiel Schrier fynt de fraach sympatyk. Hy wol it Frysk Sosjaal en Kultureel Planburo freegje dit ynsichtlik te meitsjen. Ek wol hy de kommende tiid sjen litte wat de provinsje allegear dien hat om de soarch yn de provinsje te ferbetterjen.

Subsydzje behâlde

De opposysje pleitet ek foar it behâlden fan in subsydzje fan 150.000 euro foar soarchbelang Fryslân. Dy organisaasje is fan grut belang foar it behertigjen fan de belangen fan de minsken dy't soarch nedich ha. Soarchbelang Fryslan is fan grut belang foar goed oerlis tusken de njoggentich organisaasjes dy't de belangen fan de pasjinten behertigje. As de jildstream stopset wurdt, kinne dy taken net mear útfierd wurde.

Neffens deputearre Michiel Schrier is der wol deeglik in taak foar soarchbelang Fryslân. De organisaasje kriget tenei subsydzje foar projekten dy't se dogge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)