Skoalle stiet stil by drama yn Ketlik

27 sep 2017 - 12:45

De 14-jierrige jonge dy't tiisdei oppakt is foar belutsenheid by de moard op syn âlden, in pear út Ketlik, is learling fan it Terra College yn Wolvegea. De skoalle hat woansdeitemoarn yn it earste oere yn alle klassen stilstien by it barren. De plysje hat tiisdei al op skoalle west en nei oanlieding dêrfan wienen de learlingen al nei hûs stjoerd. As reden waard doe jûn dat der 'bysûndere omstannichheden' wienen. De 14-jierrige soan wie tiisdei net op skoalle kaam.

It is neffens direkteur Trijnie van Wijk net dúdlik oft de skoalle tiisdeitemoarn ek kontakt opnaam hat mei de âlden om te freegjen wêrom't de jonge net op skoalle wie. Neffens har wurdt goed yn de gaten holden hoe't de bern reagearje op it nijs. Der binne oant no ta gjin minsken fan bûten de skoalle ynskeakele om te helpen by de ferwurking.

De jonge is offisjeel yn fersekering steld en moat binnen trije dagen foar de rjochter-kommissaris ferskine.

Trefwurden: 
Ketlik Terra College Wolvegea
(Advertinsje)
(Advertinsje)