Primeur foar slachter Lieuwe Nicolaï: trije stjerren

27 sep 2017 - 12:41

Lieuwe Nicolaï út Easterwâlde is de earste slachter yn Nederlân dy't trije stjerren achter syn namme hat. Nicolaï krige dit 'Beter Leven keurmerk' fan de bistebeskerming, yn gearwurking mei MeatNL en de Koninklijke Nederlandse Slagers. Al it fleis dat Nicolaï ferkeapet, komt fan bisten dy't in bistfreonlik libben hân ha. Sa komt it bargefleis fan Livar, de skarrelbargen út Limboarch en it biologyske kowefleis komt fan Black Angus kij út natuergebieten yn de omkriten fan Easterwâlde.

Slachter Lieuwe Nicolaï is tige grutsk op dizze primeur en sil der alles oan dwaan om de trije stjerren ek yn de takomst te behâlden. Dan sil hy nei alle gedachten trije kear yn it jier oan de kontrôle foldwaan moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)