Provinsje hopet op Europeeske subsydzje brede slûs Ofslútdyk

27 sep 2017 - 12:36

De provinsje Fryslân makket in goede kâns op Europeeske subsydzje foar de oanlis fan in brede slûs yn de Ofslútdyk fan Koarnwertersân. Dat seit CDA-Europarlemintariër Wim van de Camp, dy't him yn Brussel dwaande hâldt mei transport. De provinsje Fryslân hat in oanfraach dien fan 26,5 miljoen euro foar ferbreding fan de slûs by Koarnwertersân. De subsydzje is offisjeel bedoeld foar it ûntwikkeljen fan de 'haadtransportassen' fan Europa. De Ofslútdyk sels foldocht net oan de Europeeske definysje fan in 'haadtransportas', mar as je de Ofslútdyk beskôgje as 'oanlevergebiet fan Amsterdam' is subsydzje wol mooglik. De provinsje hopet gau antwurd fan Brussel te krijen oer de subsydzje-oanfraach neffens in wurdfierder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)