Stik Berlynske Muorre by BB-bunker yn Grou

In orizjineel stik fan de Berlynske Muorre stiet no yn Grou. It is it grutste diel fan de Berlynske Muorre dat yn Nederlân te finen is. It betonnen stik muorre is 3.60 meter heech, 1.20 meter breed en 3,5 ton swier. Museum Bescherming Bevolking yn Grou hat oanspraak makke op ien fan de stikken muorre dy't twa jier ferlyn mei in skûtsje út Dútslân wei nei Nederlân ta brocht binne. In diel fan de muorre is destiids yn it Nationaal Militair Museum yn Amsterdam bedarre. In oar stik bleau oer en is fia de stifting Wallbreakers/Muurbrekers by de kommandopost yn Grou brocht.
Pikefel
Roelof van Gelderen, lokaasjemanager fan de kommandopost Grou, is tige wiis mei it stik muorre: "We wolle it sjen litte oan it publyk en ek oan de jeugd as in stikje bewustwurden dat frijheid net fanselssprekkend is. Ik bin in bern fan de Kâlde Oarloch en as ik no sa neist dit stik muorre stean, krij ik pikefel. It is hiel spesjaal."
It stik muorre waard mei in grutte frachtwein op it parkearplak fan it museum takele. Dêr bliuwt it foareast stean en is dêrmei in oanfolling op de histoaryske auto's op it terrein fan de kommandopost. De offisjele ûntbleating fan de muorre is snein 15 oktober tusken 11:00 en 11:30 oere. Op dy dei is it 50 jier ferlyn dat de kommandopost (de BB-bunker) offisjeel iepene is troch de minister fan Binnenlânske Saken.