Utstjoering Andere Tijden oer Mata Hari yn Fries Museum

27 sep 2017 - 12:15
Foto: Fries Museum

De dokumintêre 'De vele gezichten van Mata Hari' is op 6 oktober yn it Fries Museum te sjen. It is in ôflevering fan it telefyzjeprogramma Andere Tijden dat yn it museum foar it earst toand wurdt. Wie de Friezinne neist eksoatysk dûnseres en maîtresse ek in spion foar de Dútsers? It programma Andere Tijden siket it antwurd. Yn de ôflevering binne opnamen te sjen fan de troch David Carradine regissearre spylfilm oer Mata Hari dêr't fan tocht waard dat se ferlern gien wienen. Mei troch jildkrapte en de dea fan Carradine is de film noait ôfmakke.

De útstjoering is sneon 7 oktober op telefyzje te sjen op NPO2 om 21.20 oere. Fan 14 oktober ôf is de útstalling oer Mata Hari te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)