Sporters mei handicap krije ferfier nei Talintedei

27 sep 2017 - 11:31
Alyda Norbruis yn Rio - Foto: ANP

Sporters mei in handicap dy't op 15 oktober nei de Paralympyske Talintedei yn Amsterdam wolle, krije fan Sport Fryslân ferfier oanbean. Mei it inisjatyf wol Sport Fryslân dielname oan de talintedei foar eltsenien helber meitsje. Op de Talintedei fan sportorganisaasje NOC*NSF krije sporters tusken de 12 en 35 jier de kâns om yn it programma fan de nasjonale seleksje opnaam te wurden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)