Pasjinten binne better ôf mei nij scanapparaat yn MCL

It MCL yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Aise van Beets
It Ljouwerter sikehûs MCL is bliid mei de nije PET/CT-scan dy't se earder dit jier yn gebrûk naam. Foardielen binne koartere wachttiden, fluggere ûndersyksresultaten en minder oerlêst foar de pasjint. Mei de scan kinne, mei help fan radioaktive stof, tumoaren en ûntstekkingen opspoard wurde. Dêrby is minder fan de radioaktive stof nedich.
Jierliks wurde 2.500 ûndersiken útfierd. Mei de eardere scan wie dat it maksimale oantal, wêrtroch't wachtlisten ûntstienen. It sikehûs kin tenei mear pasjinten ûndersykje.