Kokedei yn Warkum: "It is krekt as rinne je mei Doutzen"

27 sep 2017 - 11:21

Kij en keallen wurde woansdei keurd yn it sintrum fan Warkum op de jierlikse Kokedei. Tal fan boeren steane dêr mei har moaiste fee te pronkjen. Titelfavoryt binne de bisten fan maatskip Haytema en De Groot. Se steane der mei seis kij en fiif keallen. Thomas van der Gaast is as leafhawwer by de boer oan it wurk. “It is in passy dy’t we mei elkoar diele.” Hy stiet mei de amer klear om de stront op te fangen as de ko skyt. “We binne trije wiken dwaande om de bisten op har moaist te krijen foar hjoed en dan wolst net dat de poaten wer smoarch wurde trochdat der stront opspat." Hy kin oan de ko sjen as dy skite moat. "Ik sjoch al in pear jier nei sa’n bist en dan krijst wol ûnderfining.” In oare leafhawwer, Siem Algra, dielt de passy ek om mei in op en top bist foar de keuring te gean. “It is krekt as rinne je mei Doutzen. Der binne mear moaie kij as moaie froulju.”

Dûs

In boer fan maatskip Stellingwerf docht ek altyd mei oan dizze dei. “It is moai sa mei syn allen, elk nimt syn bêste kij mei. We besykje alle kearen it nivo omheech te bringen troch fokkerij.” Hy hat acht kij en fjouwer keallen meinaam. “Dit is ien fan ús bettere kij. Dizze hat moaie drûge fuotten, moai smel. In moai jaar derûnder, de oanhechting tichtby it skytgat en it spienplaatsje moai fjouwerkant. De kij binne earder fan de wike al twa kear wosken en ek skeard. En krekt út de feewein ha we se ek noch even ôfspield ûnder de dûs."

Kokedei bestiet al mear as hûndert jier en is altyd op de fjirde woansdei fan septimber. Letter op de dei wurdt ek it konkoers hâlden mei ûnder oare Fryske hynders en twaspan yn Frysk kostúms.

Trefwurden: 
kokedei Warkum keuring kij keallen
(Advertinsje)
(Advertinsje)