Oefening mei natuerbrân yn it Drents-Friese Wold

27 sep 2017 - 09:47

In grutte natuerbrân yn it Drents-Friese Wold by Appelskea. Dat is woansdei de ynset fan in grutte oefening fan de Feilichheidsregio. It giet benammen om in systeemtest, der wurde gjin blusweinen ynset. De test moat dúdlik meitsje oft de systemen fan de plysje, brânwacht, helptsjinsten en gemeenten goed op inoar oanslúte.

Der wurdt ûnder oare letten op organisaasje, lieding en koördinaasje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)