Kollum: ''Frysk''

27 sep 2017 - 08:32

''Ien kear yn de safolle tiid dan is it wer safier. Dan wurdt der wer wikenlang yngreven oer de Fryske taal skreaun en âldehoerd. Dat is foar it oare gewoan yn in twatalich lân. Mar wy ha no wat in pessimistyske ynslach, we prate elkoar muoiteleas de nederklits yn. De Fryske Akademy begûn mei in soarte fan ûndersyk, dat alle kanten útlêzen wurde koe, mar je kinne it ek pessimistysk útlizze. Dat barde. Doe die de provinsje yn alle ûnskuld noch in tal idioate saken oangeande de Fryske literatuer en ynienen stie de hiele wrâld, dy’t sa no en dan de pinne yn de Fryske inket soppet, op ien ein. En yn it wykein blykt dat we net mear tsjin it sloppe Frysk op de skoalle aksje fiere wolle. En dan die bliken dat ek noch de Slach by Warns betinking yn hannen is fan in pear lju út it bejaardehûs dy’t tinke dat se sels it Frysk noch oerlibje sille. Koartsein: it komt net goed. Mei it Frysk.

Noch nea, ik sis it nochris, noch nea hat der in bettere juridyske en ek maatskiplik akseptearre grûn foar it Frysk west. Noch nea. Mar we begjinne dochs wer te sangerjen. Earder wie dat logysk, no net mear. Alles mei en kin ommers yn it Frysk. Watte, de hiele besetting fan de noardlike alarmsintrale is no Frysk, foar dy iene âlde yn it jier dy’t noch in Frysk wurdsje brabbelet. En der skynt ek in gemiddelde te wêzen fan 0,8 persoan per jier dy’t foar de rjochter Frysk prate wol, likegoed wurde de tolken manmachtich dêrfoar oplaat. Stimmen wurde no al metten sadat de kompjûters dit frjemdtalige folk ek ferstean kinne. Kommissaris Brok hat juster Sietske Poepjes al holpen in hantekening te setten yn Brussel. Alles kin, alles mei. Foar it belang fan de Fryske taal. En wat dogge wy? Wy sangerje.

De Slach by Warns betinking seit de minsken ommers neat mear. Doe’t Friezen en harren Frysk leech lein waard, wie it wol moai om op in izerbeafeartwize nei de stien te rinnen en dêr de fûst omheech te strekken. Mar de Hollanners lizze ús net leech mear en komme hjir yn elk gefal net mear de Iselmar oersetten om ús foar de kop te houwen. Sterker, as se oer dy mar komme dogge we de slûsdoarren hertlik iepen. We jouwe miljoenen oan Martin Cnossen om hjir noch folle mear fan ús eardere fijannen yn te heljen, Dútsers, Ingelsen, Frânsen en Grinzers. Noch sterker, de Kimswerters ha dit wykein har ekskuzen oanbean dat harren Grutte Pier yn 1517 Medemblik ôfbrânde. Dat hie net wêze moaten seine se, ferdigenje hie genôch west, Friezen falle nea oan. Bêst. Klear. En meitsje fan de Warnsbetinking mar de Rede fan Fryslân of wat aardichs.

De aksjefierders tsjin it yndied hjir en dêr noch net geweldige Frysk yn it ûnderwiis binne mei 280 fermindere. Omdat dy minsken yn de rekken ha dat it net in provinsjale of Hollânske skuld is; nee fan ússels. Fan de skoallen wêr’t we wol yn de mienskipsrieden en âlderrieden sitte te eameljen, mar gjin genôch goede Fryske ûnderwizers beneame.

En dat de FNP no ynienen it provinsjaal bestjoer de wacht oanseit oer dat gedoch fan in pear dichterkes en skriuwers is skandalich. Se freegje de deputearren nota bene in plan sadat Fryske boeken better ferkocht wurde. Yn stee dat se sizze dat se foar al har FNP-leden it boek de Jonge Piter Jelles fan Bertus Mulder keapje sille, dan kinne se ek noch wat fan in echte politike streaming leare. Mar dat sizze se net heal. Dat sizze fierstentemin lju.

Dus as we oer it Frysk sangerje, dan moat we oer ússels sangerje. En net inkeld grutsk wêze as we lykas juster yn it Frysk Facebooked ha. Dat moatte we gewoan altyd dwaan. It moaie dêrfan is nammentlik dat je allegear berjochten yn it Frysk werom krije. Wis, net altyd geef, mar dat leit oan dat ûnderwiis, wêrfoar't de provinsje no miljoenen útjaan sil. Mar it no al brûken fan in soad minsken fan Frysk yn de sosjale media, it gemak wêrmei tsjintwurdich dochs Fryske boeken lêzen wurde, de juridyske grûnslach, binne opstapkes nei wat mear optimisme as wat no krekt al dy djip Friezen de ôfrûne wiken hearre litten ha.''

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)