Easterwâlde krijt gjin fjild mei sinnepanielen

27 sep 2017 - 06:12
It sinnepark by Garyp

Der komt gjin fjild mei sinnepanielen by Easterwâlde. Der lei in foarstel foar de oanlis fan sa'n fjild op de lokaasje Houtwâl-Fenekoaten, mar de ried hat it foarstel tiisdeitejûn ôfsketten. De ried fûn dat der te min draachflak is foar it plan. Dat hie neffens wethâlder Van de Boer alles te krijen mei miskommunikaasje yn it ferline. De boargers hawwe dêrtroch de hakken yn it sân setten en binne en bliuwe tsjin.

De minne kommunikaasje oer in earder plan koste wethâlder Hans Welle yn april fan dit jier de kop. Der komme no allinnich fjilden mei sinnepanielen yn Haulerwyk, Donkerbroek en Appelskea.

(Advertinsje)
(Advertinsje)