Buert easket goede kommunikaasje by bou Cambuurstadion

26 sep 2017 - 22:55
De ynformaasjebyienkomst oer it nije Cambuurstadion - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Buertbewenners easkje dat se goed ynljochte wurde in de perioade dat it nije Cambuurstadion boud wurdt, sa die tiisdeitejûn bliken op de earste ynformaasjebyienkomst foar omwenners. En dan gie it noch net iens oer de ynhâld fan de plannen en de ynrjochting yn de wyk fan it gebiet, mar inkeld oer wa't en hoe't dy dan meiprate wolle.

Wykpanels, ferienings en bewenners wolle graach meiprate, want der binne soargen oer oerlêst troch bygelyks ferkear, lûd, ljocht, parkeare en de feilichheid. Der wie de mooglikheid om je op te jaan om mei te praten, mei as útgongspunt de earder troch de gemeente presintearre plannen. Dêr hat lang net eltsenien betrouwen yn. Nei it hiele proses fan ynspraak en ferwurking dêrfan, moat it ûntwerp bestimmingsplan foar de simmer takom jier yn de gemeenteried bepraat wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)