Wetterskip pakt Suderpier yn Harns oan

De Suderpier yn Harns © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Wetterskip Fryslân begjint woansdei mei it wurk oan de Suderpier yn Harns. De pier wurdt dan sa no en dan hielendal of foar in part ôfsletten foar it publyk. It asfalt wurdt reparearre en der wurdt nije stienslach oanbrocht tusken de basaltblokken.
It wurk moat foar 1 oktober klear wêze, want op dy datum begjint offisjeel it stoarmseizoen.