Klaas Agricola nije boargemaster fan Dantumadiel

26 sep 2017 - 21:09
Foto: Gemeente Dantumadiel

De 57-jierrige Klaas Agricola fan Reahûs wurdt de nije boargemaster fan de gemeente Dantumadiel, sa waard tiisdeitejûn bekendmakke. Begjin desimber folget er Sicko Heldoorn op, dy't oant dy tiid waarnimmend boargemaster bliuwt yn Dantumadiel.

Op dit stuit is Agricola noch wethâlder en lokoboargemaster fan de gemeente Dalfsen. Agricola: “Fryslân zit verankerd in ons hart en blijft trekken. Daarom ben ik erg blij en vind het een groot voorrecht dat ik ben voorgedragen als burgemeester van Dantumadiel. Ik werk graag met college, gemeenteraad en inwoners aan een mienskip waar mensen zich thuis voelen.”

(Advertinsje)
(Advertinsje)