Plysje hâldt 14-jierrige soan oan yn drama Ketlik

26 sep 2017 - 19:35

De plysje hat de 14-jierrige soan fan de ombrochte bewenners út Ketlik oanhâlden. De jonge wurdt beskôge as fertochte fan mooglike belutsenheid by de dea fan syn âlders. It soe gean om Margreet Andriol en Jos Verdonk, mar de plysje kin dit net offisjeel befêstigje. De stoflike omskotten fan de man en de frou waarden tiisdeitemoarn fûn in it hûs oan de Schoterlandsewei. Se dielden dat hûs mei in oar gesin, en dy minsken ha de slachtoffers fûn, fertelt plysjewurdfierder Ron Reinds.

It oare gesin en de minsken dy't de man en frou fûn ha, wurde net as fertochten sjoen.

Trefwurden: 
moardsaak Ketlik
(Advertinsje)
(Advertinsje)