Soarchfersekerder De Friesland ûnderbrocht by Zilveren Kruis

Soarchfersekerder De Friesland en FBTO Zorg wurde troch memmebedriuw Achmea ûnderbrocht by Zilveren Kruis. Dat is fan 'e middei op in parsekonferinsje yn Ljouwert bekend makke. Oanlieding foar de gearfoeging binne finansjele tsjinfallers by FBTO Zorg. De Friesland hat yn juny fan dit jier noch in liening fan tweintich miljoen euro jûn oan FBTO.
De holding dêr't beide fersekerders by hearre, makke oer 2016 in ferlies fan hast 54 miljoen euro. Hast it folsleine ferlies kaam foar rekken fan FBTO. Dit jier wurdt it totale ferlies rûsd op 90 miljoen euro. Troch beide fersekerders ûnder te bringen by Zilveren Kruis moatte de finansjele problemen oplost wurde.
De Friesland fusearre al yn 2012 mei Achmea, mei de tasizzing dat it oant 2020 in eigen merk en koers hâlde soe. De Nederlandsche Bank moat de gearfoeging fan no noch goedkarre.