Soarchsintrum De Stelp op It Amelân tsjin de flakte

26 sep 2017 - 18:03

Soarchsintrum De Stelp yn Hollum op It Amelân giet tsjin de flakte. Op itselde plak komt in hiel nij gebou te stean, dêr't tweintich minsken yn komme te wenjen dy't hiele dagen soarch noadich ha. Dêrneist komme der ek tweintich wenten by foar minsken dy't mei minder soarch takinne. Los fan De Stelp is nochris romte foar yntinsive soarch oan tweintich âlderen kreëarre.

It plan fan de gemeente wurdt yn gearwurking mei alle soarchoanbieders útwurke. De nijbou fan De Stelp en de byhearrende wenten kostje mei-elkoar sân en in heal miljoen euro.

Trefwurden: 
De Stelp It Amelân Hollum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)