Flessepost út Ingelân nei 30 jier weromfûn op Skylge

It klinkt hast te moai om wier te wêzen: flessepost nei 30 jier weromfine en dan ek noch de ôfstjoerder witte te efterheljen. It oerkaam Frank van Dijk út Gelderlân it ôfrûne wykein op Skylge. Op it eilân waard it WaddenWerkWeekend hâlden, in grutte skjinmakaksje op it strân. Yn de dunen fûn Van Dijk in flesse mei in briefke út 1987 fan de doe 5-jierrige Carl Marchant út Ingelân. It jonkje hie de flessepost by de kliffen fan Dover yn de Noardsee smiten.
Carl: "My name is Carl Marchant. I am 5 years old. I live at 102 Trevithick Drive, Dartford, Kent, England. I have thrown this bottle into the sea from the Admiralty Pier, Dover. I have come here with my mommy and Daddy to do some fishing. Please write to me."
Op it briefke hie er syn adres yn Kent skreaun, mar dêr wenne er yntusken net mear. Dêrom belle Van Dijk mei BBC Radio Kent, de regionale omrop yn it súdeasten fan Ingelân. Dat holp, want Marchant melde him en waard yn kontakt brocht mei de finer út Gelderlân.
Op de radio by Omroep Gelderland fertelt Marchant oan Van Dijk, dat er him dy bewuste dei yn 1987 noch goed heuge kin. Wylst er oan it fiskjen wie mei syn heit, hat er trije flessen yn see smiten. Ien dêrfan waard nei seis moannen yn Lúksemboarch fûn. Fan de twadde hat er nea wer wat heard en de tredde is no dus op Skylge fûn. Mei troch de oprop op BBC Radio Kent en Facebook waard Marchant der troch syn kunden op wiisd dat syn flesse op Skylge fûn wie.
Yn april waard der op it Waadeilân Flylân flessepost fûn út 1997. Dêr siet in briefke yn fan de doe 10-jierrige Susie Hampton út Ingelân. Ek sy waard efterhelle.