Kik Pierie ferlinget kontrakt by SC Hearrenfean

26 sep 2017 - 17:09

Kik Pierie bliuwt foarlopich by SC Hearrenfean. It 17-jierrige fuotbaltalint hat tiisdeitemiddei oant en mei de simmer fan 2020 bytekene by de klup. It âlde kontrakt rûn noch oant en mei 2019, mar is dus no tuskentiids ferlinge. Spilers ûnder de achttjin jier meie gjin kontrakten tekenje dy't langer as trije jier rinne.

Kik Pierie makke ferline jier op 16-jierrige leeftyd syn debút foar Hearrenfean. Dit seizoen hat hy in basisplak sintraal achteryn. Pierie spilet al sûnt syn sechsde foar Hearrenfean.

(advertinsje)
(advertinsje)