Ein yn sicht by wurk oan rotonde by De Jouwer

It ein is yn sicht by it wurk oan de rotonde by De Jouwer. Al moannenlang soarget it wurk dêr foar files yn de spits, mar as alles goed giet, ride de auto's op 14 oktober oer de nije fly-overs en binne de files ynkoarten ferline tiid.
Ferslachjouwer Bauke Deelstra wie tiisdeitemoarn op De Jouwer en prate mei oannimmer Mente Bonestroo en opdrachtjouwer Dirk-Jan Lepstra. Dy lêste seit oer de stân fan saken: "Oer trije wike binne wy klear mei de lytse rotonde nei De Jouwer ta. Dan binne wy noch net mei it hiele projekt klear. De sneldyk dy't nei Drachten giet, moat noch ûnder it fiadukt troch. Dat fiadukt moat noch sloopt wurde en dat kin pas wannear't dit klear is. Oer trije wike dus."
Wannear't it hiele projekt by De Jouwer klear is? "Yn maaie 2018 sille wy der hjir stadichoan mei ophâlde", seit Lepstra.