Holwerter krijt wurkstraf foar oantaasting yn boukeet

26 sep 2017 - 16:49

In man út Holwert hat fyftich oeren wurkstraf krigen omdat er him fergripen hat oan in frou út Kampen. Dat barde yn in boukeet op it wurk fan de man, yn Dronryp. De frou wie dêr by him kaam om in kopke kofje te drinken. Hy begûn drekst oan har te sitten en gie der mei troch, wylst sy sei dat er ophâlde moast. Njonken de wurkstraf moat de man ek 250 euro smertejild oan it slachtoffer betelje. 

Trefwurden: 
oantaasting wurkstraf Holwert
(advertinsje)