Fryske pompoenboeren drok mei rispjen

26 sep 2017 - 16:27

It is wer tiid foar pompoenen. De Fryske pompoenboeren binne op it stuit drok dwaande alles fan it lân te heljen. Dat moat mei de hân, oars kinne de pompoenen beskeadigje en wurde se ûnbrûkber. Fan de inkelde pompoenboeren yn Fryslân is Reinder de Jong út Pitersbierrum ien fan de grutsten. Mar leafst sân hektare grûn hat hy fol mei pompoenen. De Jong en syn meiwurkers binne dizze dagen dus ek hurd oan it wurk om alles te rispjen.

De Jong docht alles biologysk, wêrtroch de opbringst soms wat leger is. Mar dat fynt hy net sa slim. It is foar him wichtiger dat de grûn sûn bliuwt en der gjin sykten yn komme. "En it is gewoan prachtich. De kleuren fan de pompoenen op it fjild, it wurkjen mei de minsken. Dêr giet myn hert fan bloeien", laket er.

Trefwurden: 
pompoen drokte risping
(Advertinsje)
(Advertinsje)