Stik Berlynske muorre útstald yn Grou

27 sep 2017 - 06:30

In orizjineel stik fan de Berlynske muorre stiet fan woansdei ôf yn Grou. It is it grutste diel fan de Berlynske muorre dat yn Nederlân te finen is. It betonnen part muorre is 3.60 meter heech, 1.20 meter breed en 3,5 ton swier. Museum Bescherming Bevolking yn Grou hat oanspraak makke op ien fan de stikken dy't twa jier ferlyn mei in skûtsje fanút Dútslân nei Nederlân ta brocht binne. In diel fan de muorre is doe yn it Nasjonaal Militêr Museum yn Amsteram bedarre. In oar stik bleau oer en is fia de stifting Wallbreakers/Muurbrekers by de kommandopost yn Grou brocht.

'Einefel'

Roelof van Gelderen, lokaasjemanager fan de kommandopost Grou, is tige wiis mei it stik fan de Berlynske muorre: "Wy wolle it sjen litte oan it publyk en ek oan de jeugd as in stikje bewust-wurden dat frijheid net fanselsprekkend is. Ik bin in bern fan de Kâlde Oarloch en as ik no sa neist dit stik muorre stean krij ik einefel. It is hiel spesjaal."

It stik muorre waard mei in grutte frachtwein op it parkearplak fan it museum takele. Dêr bliuwt it foareast stean en is dêrmei in oanfulling op de histoaryske auto's op it terrein fan de kommandopost. De offisjele ûntbleating fan de muorre sil plakfine op snein 15 oktober tusken 11.00 en 11.30 oere. Op dy dei is it 50 jier lyn dat de kommandopost (de BB-bunker) offisjeel iepene is troch de Minister fan Binnenlânske Saken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)