Plysje hâldt grutte sykaksje yn it Frjentsjerterbosk

De plysje is yn de buert fan Frjentsjer mei in grutte sykaksje dwaande. Yn it Frjentsjerterbosk en yn maisfjilden bûten de stêd wurdt socht nei de 30-jierrige partner fan de 31-jierrige frou út Frjentsjer dy't op 12 septimber ombrocht waard. By de aksje is ek de ME ynsetten.
Neffens de plysje wurdt yn it maisfjild nei mooglike spoaren socht. Dy soene ferlern gean kinne as it maïs ynkoarten fan it lân helle wurdt en dat risiko wol de plysje net rinne. De plysje sjocht de partner fan it slachtoffer as fertochte fan it misdriuw. De man is oant no ta spoarleas.