"Undúdlikheid oer tal bewenners Wirdumerdyk ûnbegryplik"

26 sep 2017 - 12:47
Foto: Kappers Media

De VVD-fraksje yn Ljouwert fynt it ûnbegryplik dat by de brân oan de Wirdumerdyk moandei ûnbekend wie hoefolle minsken dêr wennen. De organisaasje Ridders van de Weaze seit dat yn de gebouwen tsientallen prostituees wenje, sûnder dat se ynskreaun steane. De VVD wol witte fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders hoe't se dit yn kaart bringe wolle.

Ofrûne wike wie der noch in spesjale brânoefening yn studintehuzen. De VVD wol ek dat der omtinken komt foar brânfeiligens by oare gebouwen yn de binnenstêd.

Trefwurden: 
VVD Ljouwert brân prostituees
(advertinsje)
(advertinsje)