Opnij SP-riedslid opstapt yn Smellingerlân

26 sep 2017 - 11:27
It gemeentehûs fan Smellingerlân yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Marjan Wieldraaijer stapt op as riedslid fan de SP yn Smellingerlân. As reden jout Wieldraaijer oan dat se foar har gefoel hieltyd minder romte krijt, wêrtroch't de situaasje foar har net langer wurkber is. Se giet oant de ferkiezingen kommend jier allinnich fierder mei de fraksje Sociaal Lokaal.

It is yn koarte tiid it twadde SP-riedslid dat opstapt yn Smellingerlân. Yn augustus hold Paul van Dijk op en gie fierder ûnder de namme P.A.U.L. Ek hy joech oan dat hy him net langer yn de wurkwize fan de partij fine koe. De SP-fraksje hat no noch ien sit yn de gemeenteried.

(Advertinsje)
(Advertinsje)