Gemeenten begjinne proef mei deibestegingsferfier

26 sep 2017 - 11:10

De gemeenten Eaststellingwerf, Weststellingwerf en Opsterlân begjinne woansdei in proef mei it deibestegingsferfier. It projekt hjit Drive en dat stiet foar 'Dagelijks rijden inwoners voor elkaar'. Neist de trije gemeenten dogge Scala, Timpaan en trije ferfierders mei oan de proef. Deryn wurde frijwilligers ynset om it ferfier fan minsken dy't derfan ôfhinklik binne, te garandearjen.

Foar de frijwilligers kin it projekt liede ta in betelle baan.

Trefwurden: 
proef deibesteging ferfier
(Advertinsje)
(Advertinsje)