"Wêrom guozzen deasjitte, as der genôch gers is?"

26 sep 2017 - 10:24
Foto: Henk Bootsma

De steatefraksje fan de Partij voor de Dieren is it der net mei iens dat guozzen deasketten wurde, as dat net nedich is. De guozzen soargje foar skea oan gers yn it lân, mar de boeren hawwe dit jier just in oerskot oan gers. De partij fynt it fierders ûnbegryplik dat de provinsje de fergoeding fan guozzeskea oan boeren ferhege hat. As der in gersoerskot is, is it gers neat mear wurdich. Wêrom moat de fergoeding dan omheech, sa freget de partij him ôf. Boeren dy't gers oer hawwe, moatte dat oan de kollega-boeren jaan dy't troch guozzeskea te min gers hawwe, stelt de partij.

"Een beetje onderlinge solidariteit is toch wel het minste wat je binnen een bedrijfstak zou mogen verwachten", sa seit PvdD-steatelid Rinie van der Zanden. "En als ze zelf niet op het idee komen, dan moet gedeputeerde Kramer ze maar een handje helpen. Het is toch raar dat het gras bij wijze van spreken bij de ene boer ligt weg te rotten, terwijl een andere boer geld krijgt om voer te kopen.”

(advertinsje)
(advertinsje)