Rabobank wurdt partner fan Kulturele Haadstêd 2018

26 sep 2017 - 09:58
Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

De Fryske Rabobanken wurde partner fan Kulturele Haadstêd 2018. Tiisdeitemoarn binne de kontrakten tekene. De bank sil benammen de tentoanstelling Mata Hari, it teäterspektakel Under de Toer en de Tall Ships Races sponsorje. Foar hoefolle jild wurdt net bekend makke, mar it soe om mear as in heal miljoen euro gean.

De bank is dêrmei gjin haadsponsor.

(advertinsje)
(advertinsje)