Kollum: ''Dokters dy't ús net yn 'e steek litte''

26 sep 2017 - 08:20

''Foarige wike stjoerde Omrop Fryslân in oangripende reportaazje út oer Dirk Baron. De eardere ferslachjouwer en presintator blykt yn 2015 de diagnoaze Alzheimer krigen te hawwen. Hy is no 37 jier en it ôftakeljen is ûnmiskenber. De iepenens en earlikens dêr’t Baron en syn frou Dieke mei foar de kamera oer dat proses praten, wie yndrukwekkend.

Dirk Baron wit wat him te wachtsjen stiet. Syn heit hie nammentlik ek Alzheimer, op 41-jierrige leeftyd. De famylje Baron waard yn 1998 folge troch it telefyzjeprogramma Nova, en dêryn wie in jonge Dirk te sjen dy’t fertelde oer wat de sykte fan syn heit mei him die. Hy omskreau it as ‘freeslik’ en koe it op ’t lêst net mear oansjen.

Mei troch dy ûnderfining hat er besletten om foar eutanasy te kiezen. ‘Foardat it te slim wurdt krij ik in drankje,’ sei er, ‘en dat is it dan.’ De fraach wannear’t sa’n grins him oantsjinnet en oft dy foar himsels dan noch te bepalen is, falt bûten it ramt fan dizze kollum. Dêr’t it om giet is dat Dirk en syn frou Dieke sels de regy ha wolle, foar’t de sitewaasje minskeûnweardich en minske-ûntearjend wurde kin. Eutanasy en it ‘voltooid leven’ wetsfoarstel binne etyske kwestjes dêr’t oant no ta hoeden en konsjinsjeus mei omgien wurdt.

Soks yn tsjinstelling ta de skandalige en folslein respektleaze hâlding dy’t de rely-populist Van der Staaij fan ’t simmer yn Amearika sjen liet. Yn in brief yn de Wall Street Journal stelde Van der Staaij: ‘In the Netherlands the doctor will kill you now.’ In beskuldiging om mislik fan te wurden. Hoe krijt er it yn syn botte dogmatyske kop om sa respektleas út te fallen nei artsen en dokters, dy’t de swiere taak op harren nimme om minsken mei ûndraachlik en hopeleas lijen te helpen. Hoe kinst sa foarbygean oan wat soks betsjut foar minsken dy’t yn sa’n sitewaasje sitte. Wat sokke útspraken dogge mei famylje en kunde fan minsken dy’t eutanasy ferliend wurdt. Mei syn brief nagele er op in leffe wize, yn it bûtenlân, Nederlânske dokters as kriminelen oan de skandepeal.

Dogmatyk keart eltse diskusje en útwikseling fan ideeën. Van der Staaij syn God wol elkenien, itsij lichaamlik of geastlik, yn ûndraachlik lijen stjerre litte. Blykber stiet it begryp ‘barmhertigens’ net yn syn Bibel. De opfettings fan de SGP-politikus stean yn skril kontrast mei dy fan de eks-dominikaan, pryster en filosoof Jacques Pohier. Dy stelde yn 1998: ‘Frijwillige eutanasy is net de kar tusken it libben en de dea, mar tusken twa manieren fan stjerren. It libben is in geskink, de dea befrijd ús wannear’t dat geskink in lêst wurdt. Dêrom meie wy as de lêst te swier wurdt de help fan in minskehân ynroppe. Want de medyske wittenskip is ek in geskink. Wa’t dêr mei earbied en sekuerens mei omgiet mei om dy help freegje en ek dy help ferliene. It is in treast om te witten dat der yn ús lân dokters binne dy’t ús oan ’e ein net yn ’e steek litte.’

By dy wurden fan Pohier lit ik it. Ik hoopje dat Dirk Baron en syn leafsten noch in sa goed mooglike en minskweardige tiid ha sille.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)