Seis oanhâldings by ûndersyk nei harddrugs yn Drachten

Drugs © Omrop Fryslân
De plysje hat it ôfrûne wykein yn Drachten meardere minsken oanhâlden by in ûndersyk nei drugshannel. It giet om in 37-jierrige Drachtster en fiif oare persoanen. Oanlieding wienen ferskate tips oer mooglike drugshannel yn in wenning oan de Zwemmer. By de aksje hat de plysje yn earste ynstânsje fiif minsken oanhâlden; sy wienen allegear yn it besit fan harddrugs.
In dei letter waard de 37-jierrige bewenner fan de wenning oanhâlden. Hy sit noch fêst op fertinking fan de hannel yn harddrugs.