Feanster beloften winne mei 4-1 fan Jong Cambuur

25 sep 2017 - 21:48
Henk Veerman soarge foar twa doelpunten - Foto: SC Hearrenfean

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn mei 4-1 wûn fan Jong Cambuur yn de beloftekompetysje. Nei tolve minuten spyljen op sportpark Skoatterwâld soarge Doke Schmidt mei in kopbal foar it earste doelpunt foar de Feansters. Henk Veerman makke der mei twa goals yn koarte tiid al rillegau 3-0 fan. Jordy van Deelen fan Jong Cambuur joech yn dizze beloftederby in doelpunt fuort. Troch syn spul bedarre de bal yn eigen doel en koenen de jonges mei 4-0 om tee. Nei it skoft wie it Ricardo Kip dy't it iennichste doelpunt fan Cambuur makke, 4-1.

(advertinsje)
(advertinsje)