Ljouwerter studiobaas nimt cd op mei âlde rockers

25 sep 2017 - 21:46

Johan Juckers, Cees Greuter, Woody Brunings en Tina Mastenbroek binne nammen fan âlde Fryske rockers dy't mei wat minder âlde rockers op in cd ferskine. 'Klassiekers door klassiekers' is in projekt fan Ljouwerter studiobaas Frans van den Borg. De 72-jierrige eigener fan Telesound Recording Studio's wol dêrmei regionale muzykskiednis fêstlizze. Fryske topartysten fan doe binne nei syn studio kaam foar opnames. It giet om covers fan artysten lykas The Rolling Stones, Cliff Richard en The Kinks. It is tagelyk in earbetoan oan Liwwadder sjonger Cees Greuter, dy't koart nei de opnames ferstoarn is.

De nûmers komme ek op YouTube en Facebook en de earste cd mei santjin ferskes is no klear. Kommende snein is yn Sealen Schaaf de cd-presintaasje fan 'Klassiekers door klassiekers' mei tal fan âldere Fryske rockers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)