Provinsje wol dat Fryslânresepsje Brussel in ferfolch kriget

Op de alderearste Fryslânresepsje yn Brussel hawwe moandei sawat santich belangstellende west. Sy kamen út acht ferskate bûtenlannen: Spanje, Dútslân, Frankryk, Estlân, Poalen en Hongarije, mar de measten kamen dochs út Fryslân en Nederlân.
De gearkomste wie in inisjatyf fan Provinsjale Steaten nei in idee fan de FNP. De partij hie yn in moasje frege om in Fryske presintaasje yn Brussel. FNP-fraksjefoarsitter Corlienke de Jong is tefreden oer de opkomst. Sy fynt dat der in tradysje fan makke wurde moat.
Fiif steateleden wiene op de Fryslânresepsje yn Brussel: trije fan de FNP, VVD-er Sylvia Hosman, foarsitter Europakommisje yn Provinsjale Steaten, en PVV-steatelid Cees Riezebos. Hy wie net ûnder de yndruk fan de Fryslânresepsje en om him hoecht it net wer. Hy fûn de opkomst net genôch en set boppedat grutte fraachtekens by sirkulêre ekonomy.
VVD-Europarlemintariër Jan Huitema wie der ek by. Ald-CDA-Twadde Keamerlid en Europarlemintariër Wim van de Camp kaam pas doe't it offisjele programma al dien wie. "Resepsjes binne hiel belangryk yn Brussel, foar de kontakten en foar it útwikseljen fan ynformaasje.", sei er
De Fryske kommissaris fan de kening Arno Brok sei earder moandei dat Fryslân net te beskieden wêze moat. De provinsje moat him goed presintearje. Dêrom wol er sjen oft sa'n Fryslânresepsje yn Brussel net faker kin. Fryslân kin prima eigen aktiviteiten yn Brussel hâlde njonken it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân SNN. Oer twa wiken hâldt it SNN ek in presintaasje yn Brussel ûnder de namme Top Dutch.