Gjin ferfolch foar suksesfol wurkgelegenheidsprojekt

25 sep 2017 - 17:55

De gemeente Súdwest-Fryslân (SWF) komt net mei in nije edysje fan it suksesfolle wurkgelegenheidsprojekt 'Wâlskant op oarder'. Wethâlder Durk Stoker makke dat bekend by de feestlike ôfsluting fan de earste twa edysjes foar oankommend wetterbouwers. Neffens de wethâlder stean offisjele oanbestegingsregels gjin nij projekt ta.

"Oant no ta koene we dêr ûnderút troch it yn in projekt ûnder te bringen, mar dat kin binnen de regels net nòch in kear". Wol sil der sjoen wurde nei oare foarmen om minsken mei ôfstân nei de arbeidsmerk oan de slach te helpen. As it kin mei noch mear dielnimmers en yn noch mear sektoaren.

Fan it projekt 'Wâlskant op oarder' krigen de dielnimmers moandei op it starteilân by Snits fakdiploma's en sertifikaten útrikt en waarden arbeidskontrakten ûndertekene. Yn it projekt waard wurke de gemeente SWF gear mei Cnossen Infra, Pastiel, ROC Friese Poort en Jobz-On.

(Advertinsje)
(Advertinsje)