"DNA op dekbêdhoes gjin bewiis fan ynbraak": frijspraak

25 sep 2017 - 17:31
Foto: Omrop Fryslân

De rjochter hat in man út Den Dolder frijsprutsen fan belutsenheid by in mislearre ynbraak yn Surhústerfean. De man wie oanhâlden omdat op it plak fan de ynbraak in oertrek fan in dekbêd fûn waard mei syn DNA derop. Dy hoes wie nei alle gedachten bedoeld om de bút yn te dwaan.

Justysje fûn it DNA genôch bewiis om de man nei de finzenis te stjoeren. De rjochter wie dat net mei justysje iens. Dy sei dat der gjin fierder bewiis wie om de dekbêdhoes mei te ynbraak te ferbinen.

Trefwurden: 
DNA ynbraak
(Advertinsje)
(Advertinsje)